Ein oan sykjen nei opfarrenden

31 mrt 2012 - 17:22

De helptsjinsten sykje net langer nei de fjouwer ynsittenden fan in sylboat dy't sneon oan it begjin fan de middei omsloech op de Hegemermar by Wâldsein. De fjouwer binne net fûn, mar neffens de helptsjinsten hat fierder sykjen gjin doel om't de hiele mar besjoen is. Plysje, brânwacht, KNRM en in traumahelikopter diene dat.

De helptsjinsten hâlde der rekken mei dat de opfarrenden earne oan de wâl sitte, mar har noch net meld hawwe. Nei alle gedachten is de boat omslein troch de hurde wyn.

Earder waard tocht dat it om in Polyvalk-sylboat gie, dy't troch fjouwer Dútske manlju hierd wie by in sylskoalle. Yntusken hat bliken dien dat sy it net binne, de fjouwer hawwe har boat oan de ein fan de middei wer ynlevere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)