Boer krekt net op poadium

It is reedrydster Margot_Boer fan Grou krekt net slagge in medalje te heljen op de Olympyske 500 meter. Se ried har races yn 38,51 en 38,36 en einige dêrmei op it fjirde plak. It goud gie nei de Koreaanske Sang-Hwa Lee, it sulver wie foar de Dútske Jenny Wolf en de Sineeske Beixing Wang waard tredde.
Thijsje_Oenema fan De Jouwer waard 15e. Oenema, dy't debutearre op de Spelen, hie hope op in plak by de top 10, mar kaam dêrfoar tekoart.