Tsien minsken op LC-jûn

LC-jûn mei haadredakteur Snijder lûkt tsien minsken
De earste gearkomste fan lêzers fan de Ljouwerter Krante, tiisdeitejûn yn Surhústerfean, luts sa'n 10 minsken. Mei-inoar organisearret de krante 12 fan dy gearkomsten, om te hearren wat de lêzers fan de krante fine.
De nije haadredakteur Hans Snijder, wol de miening fan de lêzers belûke by syn takomstplannen. De tsien oanwêzigen fûnen bygelyks dat de krante mear oer de eigen regio skriuwe moat. Oaren misten dúdlike oankundigingen fan eveneminten.