Fertraging rûnwei Westereen

16 feb 2010 - 20:05

De oanlis fan de rûnwei om de Westereen hinne rint fertraging op. Froukje Venema, ynwenster fan it doarp, hat beswier makke tsjin de kap fan beammen en in elzesingel. De rjochter hat dat beswier grûndearre ferklearre.

De gemeente Dantumadiel moat no mei in bettere ûnderbouwing fan it kapbeslút komme. Ien en oar hâldt yn dat der net foar heal july in begjin makke wurde kin mei de oanlis fan it stik eastlike rûnwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)