Subsydzje foar nije wynmûne

16 feb 2010 - 18:39

Ald-astronaut Wubbo Ockels krijt in lytse 140.000 euro subsydzje fan de provinsje Fryslân om in bestjoeringssysteem fan in nij soarte wynmûne fierder te ûntwikkeljen. It giet hjir om in saneamde ljeddermûne.

It moat de konkurrint wurde fan de hjoeddeistige wynmûnen. It projekt fan Ockels past goed yn de enerzjydoelstelling fan de provinsje Fryslân. By de ûntwikkeling fan de Ljeddermûne binne twa Fryske bedriuwen belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)