Q-koarts: Keale Dunen ôfsluten
Steatsboskbehear hat út foarsoarch foar fersprieding fan de Q-koarts it gebiet fan de Keale Dunen yn it Drints Fryske Wold ôfsluten foar publyk. De perioade fan it lamjen is fan start gien is en dan is de kâns op besmetting it grutst.
De tagongen nei it gebiet yn de buert fan Appelskea binne ôfsluten mei lint. It is noch net bekend hoelang't it gebiet ticht bliuwt.