Oanlis rûnwei hat fertraging

© Omrop Fryslân
De oanlis fan de eastlike rûnwei om De Westereen begjint letter as earst it doel wie. Dat komt troch beswier fan in ynwenner fan it doarp tsjin it delheljen fan beammen en in elzesingel. De gemeente moat it kapbeslút better motivearje, sa hat de rjochter besletten.
De oanlis fan 'e rûnwei set no net foar heal july út ien. It bedriuweterrein en de lêste faze fan de bou fan in wenwyk giet wol alfêst fan start.