10 jier foar oerfal juwelier

16 feb 2010 - 16:00

In 20-jierrige Rotterdammer is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta tsien jier selstraf fanwege syn oandiel yn trije oerfallen. Twa dêrfan wiene yn Ljouwert op juweliersaak De Gouden Engel en op in kofjesjop.

De Rotterdammer wurdt sjoen as haadfertochte. Syn meifertochten waarden earder al feroardiele. De rjochtbank bepaalde doe dat de Rotterdammer noch psychiatrysk ûndersocht wurde moast. Tsjin him wie earder achttjin jier selfstraf easke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)