Flitsfergunning foar dakkapel

16 feb 2010 - 13:56

Ynwenners fan Tytjerksteradiel kinne tenei foar lytse bouputten in rappe flitsfergunning krije. Tastimming foar in nije dakkapel of erker hoecht no net folle langer mear as in oere te duorjen. Dêrfoar moat de oanfreger wol in korrekte boutekening op it gemeentehûs yn Burgum sjen litte.

De earste flitsboufergunning yn Tytsjerksteradiel wie foar boubedriuw De Jager yn Burgum. It bedriuw wol in útbou oan in partikuliere wente oanbouwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)