Provinsje-auto's op bio-etanol

16 feb 2010 - 11:29

Deputearre Steaten hawwe tiisdei nije tsjinstauto's op bio-etanol yn gebrûk naam. Foar 1 april moat twa-tredde fan alle tsjinstauto's fan de provinsje op duorsume brânstoffen ride. Neist de weinen op bio-etanol ride der ek al auto's op 'grien' gas. Der komme ek noch elektryske auto's. De provinsje wol sa it goeie foarbyld jaan.

De trije noardlike provinsjes wolle dat yn 2015 meielkoar hûnderttûzen auto's, bussen, scooters en frachtweinen op duorsume enerzjy ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)