Plan foar fillawyk by Bitgum

Yn it gebiet tusken Bitgum en Bitgummole komt mooglik in eksklusive wenwyk. De provinsje presintearret dêr tongersdei de plannen foar. It plan hjit Landgoedwonen en de filla's binne bedoeld foar rike Westerlingen. De nije plannen wurde kritysk folge troch de politike partij Gemeentebelangen yn Menameradiel.
Fyftjin jier ferlyn wiene der ek al plannen foar it gebiet. Der soene doe gewoane en rekreaasjewenten komme moatte. Dat is net trochgien.