Helte minder nei iepen hûs NVM

31 mrt 2012 - 16:54

De iepen hûzerûte yn Fryslân hat sneon de helte minder minsken lutsen yn ferliking mei de foarige kear yn oktober. Der koenen yn Fryslân sa'n 1900 hûzen besjoen wurden. Dêr kamen mei mekoar sa'n 2800 besikers op ôf. Sawol by goedkeape as djoerdere hûzen foel de belangstelling bot ôf. Neffens makeldersferiening NVM hat dat alles te krijen mei de ekonomyske krisis. Oft de iepen hûzerûte in ferfolch krijt, wurdt ynkoarten bepraat.

Trefwurden: 
NVM iepen hûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)