Grut ûngelok by Sint Nyk

Foto: Alex Zwart
By in ûngelok op de A6 by Sint Nyk binne tiisdeitemoarn om kertier foar achten hinne sân minsken ferwûne rekke. Op de ôfslach St. Nyk rjochting De Lemmer klapte in buske op in auto. Twa minsken moasten nei it sikehûs ta. Fiif minsken rekken licht ferwûne en koene op it plak fan it ûngelok behannele wurde.
De brânwacht en ambulânses waarden oproppen. De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend.