Tsjyp-tsjyp fia de mobyl

Dit is in sweltsje, mar hokker lûd makket dy?
De Ljouwerter animaasje en gamestudio Gameship wol in spesjale fûgelherkennings-applikaasje meitsje foar de mobile tillefoan. De tillefoan herkent it lûd en lit dan de namme en in plaatsje fan de fûgel sjen.
De applikaasje wurdt earst allinne foar de I-phone makke, mar as it in súkses wurdt komme der ek farianten foar oare mobile tillefoans. De provinsje Fryslân stipet it projekt. Gameship wol de earste applikaasje noch foar de simmer klearhawwe.