Polyprofiel Drachten oernommen

Polyprofiel makket in trochstart
It Drachtster bedriuw Polyprofiel dat ein jannewaris fallyt ferklearre waard, is oernommen troch Gevelbouwgroep Börger Seedyk út Bûtenpost. Polyfprofiel makket ûnder oare keunststofkezinen. De gevelbouwgroep makket ek kezinen, mar dan fan alluminium en metaal.
Sy sochten al langer nei in bedriuw dat se oernimme koene om harren posysje yn de merk te behâlden. De ferwachting is dat it grutste part fan de wurknimmers oan de slach bliuwe kin.