Plan nije farrûtes Fryslân

Plan foar nije farrûtes
In nije farrûte fan De Lemmer nei Vollenhove, of in bettere ferbining tusken de Iselmar en de Tsjûkemar. It binne ûnderdielen fan in plan om de ekonomy, yn wat neamd wurdt de Zuyderzeerand, te fersterkjen.
Dat gebiet leit rûchwei tusken De Lemmer, Stienwyk en Emmeloard. De kommende dagen binne der ynformaasjebyienkomsten oer it plan. De earste twa binne bûten de provinsje, woansdei is De Lemmer oan bar.