Wetterskip krimpt yn

15 feb 2010 - 15:02

Wetterskip Fryslân krijt minder ôfdielings en in lytser management. Dat hat sekretaris-direkteur Micha van Akkeren moandei bekend makke. De feroaringen binne in ferfolch op de reorganisaasje dy't yn 2007 by it Wetterskip trochfierd waard.

Doel is mei de nije oanpassings grutte ferhegings fan de wetterskipsbelesting foar te kommen. Ek wol it wetterskip better ynspylje kinne op de takomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)