Groei tal konteners Harns

15 feb 2010 - 14:26
  • Groei oantal ferwurke konteners yn Harns

Harlingen Seaport tinkt dat de ekonomyske krisis oer syn djiptepunt hinne is. De organisaasje achter de yndustryhaven yn Harns basearret him dêrby op de groei fan it tal konteners dat yn de haven ferwurke is.

Dat oantal lei ferline jier wat heger as yn 2008. It positive sifer jildt net foar de totale oerslach fan guod yn de haven. Dat gie mei 15 prosint nei ûnderen. De delgong wie dêrmei wol minder grut as yn 2008.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)