Brân yn pleats Aldemardum

31 mrt 2012 - 16:48

De helptsjinsten binne sneon ein fan de middei drok mei in brân yn Aldemardum. Dêr stiet oan de Alde Balksterwei in pleats yn 'e brân. Foar safier't bekend is, is it fee der op 'e tiid úthelle. It giet om sa'n 100 bisten. De brânwachtkorpsen fan Balk en Bakhuzen binne oan it blussen. Oer de oarsaak en de skea is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân Aldemardum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)