De Spreng Wecycle kampioen

Basisskoalle De Spreng yn Drachten is de bêste Wecycle-skoalle fan Fryslân. Learlingen fan de skoalle hawwe ferline jier 560 elektryske apparaten ynsammele. Yn hiel Nederlân dogge alvehûndert basisskoallen mei oan de ynsammelaksje fan Wecycle.
Mei elkoar hellen sy yn 2009 goed 50 tûzen elektryske apparaten op, sa as radio's, boarmasines, föhns en kompjûterspultsjes. Wecycle is in inisjatyf fan produsinten en ymporteurs.