Minima yn T-diel bot tanommen

15 feb 2010 - 12:15

It oantal minimahúshâldens yn de gemeente Tytsjerksteradiel dat in berop docht op oanfoljende regelingen, is bot tanommen. Dat docht bliken út de lêste sifers fan de gemeente. Minsken dy't ûnder of krekt boppe bystânsnivo sitte, hawwe folle faker in berop dien op regelingen.

Dêrmei kinne se in fergoeding krije foar bygelyks sport- of kulturele aktiviteiten. It oantal oanfragen foar dizze regeling is de lêste 4 jier mei mar leafst 400 persint tanommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)