Driigjend tekoart húsdokters

15 feb 2010 - 12:07

As der neat dien wurdt, hawwe lytsere Fryske doarpen oer fiif jier gjin húsdokter mear. Ut nij ûndersyk docht bliken dat der op koarte termyn 120 húsdokters ophâlde. Ferfangers binne hiel dreech te finen.

Nije húsdokters wolle hiel faak yn dieltiid wurkje en sjogge in drokke doarpspraktyk net sitten. Ein takom moanne is der oerlis mei de húsdokters en De Friesland Zorgverzekeraar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)