Flyers lilk oer ferlies

15 feb 2010 - 10:28

Foarsitter Danny Micola fan de Hajé Flyers tinkt deroer om syn ploech út de kompetysje te heljen. Micola is lilk op it Nederlânske iishockeybûn. Syn Flyers ferlearen sneintejûn yn Eindhoven mei 4-3 fan de Kemphanen. Mar de winnende fjirde goal foel nei de sûmer en hie nea teld wurde mocht. De stân hie sadwaande 3-3 wêze moatten en der hie in ferlinging komme moatten.

Troch it ferlies bliuwe de Flyers fiifde mei 46 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)