ONS bliuwt yn spoar koprinner

ONS Snits © awfoto.nl
ONS hat sneontemiddei mei 2-1 wûn fan VVOG. Yn Hurderwyk begongen de Snitsers geweldich oan de wedstriid. Ale de Boer kopte syn ploech nei ien minút spyljen op in 1-0 foarsprong. Foar it skoft sette de thúsploech de lykmakker op it skoareboerd.
Yn de twadde helte soarge de hurde wyn derfoar dat beide ploegen mar in hantsje fol kânsen krigen. It winnende doelpunt liet dan ek lang op him wachtsje. Pas yn de slotminút wist Jurjen Bosch de ferlossende 2-1 binnen te koppen.
Troch de winst bliuwt de ploech fan trainer Jan Vlap yn it spoar fan koprinner WHC yn de striid om it kampioenskip yn de haadklasse C.