'Mear websiden yn it Frysk'

Mear Fryske websiden
Ljouwert moat mear dwaan om websiden fan bedriuwen en organisaasjes yn de gemeente yn it Frysk te krijen. Dat fynt de Ljouwerter FNP. De partij wol dat de gemeente bedriuwen en organisaasjes benadert mei it fersyk om fan har websiden ek in Frysktalige fersy te meitsjen.
De gemeente moat dan, yn kombinaasje mei de provinsje, bydrage yn de kosten. De útfiering soe takom jier begjinne moatte.