Fjouwer auto's iepenbrutsen

Der binne yn Drachten yn de nacht fan snein op moandei fjouwer auto's iepenbrutsen. De ynbraken hawwe plakfûn op in parkearterrein oan De Zonnedauw.
In tsjûge seach in auto it parkearterrein opriden mei twa mannen deryn. Dy rûnen ferfolgens by meardere auto's del. Doe't de tsjûge sjen woe wat de manlju diene, naaiden se út. De tsjûge belle de plysje. It is noch net bekend wat de manlju stellen ha.