Keamer noeget JSF-ekspert út

14 feb 2010 - 14:27

PvdA, SP, PVV en GrienLinks hawwe luchtfeartsaakkundige Johan Boeder útnoege om woasndei syn fyzje te jaan oer it plan fan it kabinet om F-16 te ferfangen troch de JSF. Boeder is softwaresaakkundige en folget it projekt al jierren op de foet.

De fjouwer partijen binne allegearre kritysk oer de JSF. Der wurdt noch wurke oan de ûntwikkeling fan de JSF. It gefjochtsfleantúch soe ek nei fleanbasis yn Ljouwert komme. Omwenners binne benaud foar lûdsoerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)