Harkiten winne degradaasjeduel

31 mrt 2012 - 16:34

Yn in rjochtstreeks duel om degradaasje te ûntrinnen hat Harkemase Boys sneontemiddei goeie saken dien troch mei 3-1 te winnen fan SVZW. Yn Wierden kaam de thúsploech nei in goed heal oere spyljen op 1-0 foarsprong. Dat wie ek de rêststân.

Nei it skoft wienen de rollen omdraaid. Yn de 62e minút makke Oebele Schokker de fertsjinne lykmakker. It soarge foar nij fjoer by de Boys. Harvey Bischop skeat de Harkiten mei in prachtich skot op in 2-1 foarsprong, wêrnei't Schokker mei syn twadde treffer dien wurk makke.

By Harkemase Boys makke Romano Denneboom nei in moanne fol blessuereleed syn rentree. Troch de winst klimme de Harkiten nei it 12e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)