Cambuur-duel wer ôflast

De wedstriid fan SC Cambuur tsjin Fortuna Sittard fan moandeitejûn giet net troch. KNVB-skiedsrjochter Michel Winter út Ten Boer hat sneintemiddei it fjild keurd. Hy wie der gau út: op dit fjild kin net fuotballe wurde. Der leit snie op en de ûndergrûn is troch de froast te hurd.
It is al de tredde kear dat de wedstriid Cambuur-Fortuna dit seizoen ôflast wurdt. Der is ek al in nije datum foar de wedstriid fûn: moandei 1 maart.