Ljouwerter dielt klappen út

14 feb 2010 - 13:22

De plysje hat sneontenacht yn Berltsum in Ljouwerter (19) oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man soe yn in horekasaak yn Berltsum in Amsterdammer (24) mishannele hawwe.

Doe't de man oanhâlden waard troch de portiers en oerdroegen oan de plysje wie er tige agressyf. De man waard oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten om letter heard te wurden. By it fûillearjen fûn de Ljouwerter fûn de plysje in bytsje cocaïne, nei alle gedachten foar persoanlik gebrûk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)