Mulder Frysk kampioen springen

Frysk kampioen Niels Mulder
By it Frysk kampioenskip springen foar hynders yn Snits is Niels Mulder fan Langsweagen sneon mei it hynder Pruso Frysk kampioen wurden yn de ZZ klasse. Dat is de heechste klasse dêr't yn sprongen wurdt.
Mulder waard ek yn de M klasse Frysk kampioen. Yn de barraazje fan de ZZ klasse sprong Mulder as earste foutleas en seach dêrnei dat syn konkurrinten allegearre in flater makken. Foar Mulder wie it de earste kear dat hy Frysk kampioen waard.