AcconAVM bliuwt sponsor H'fean
Accon*AVM -adviseurs bliuwt ek de kommende tiid subsponsor fan Sportklup Hearrenfean. It bedriuw mei festigings yn ûnder oare It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert ferbynt him foar nochris trije jier oan de fuotbalklup.
De ôfrûne fjouwer jier waard Hearrenfean ek al sponsore troch it bedriuw. It nije kontrakt is sneon troch de beide organisaasjes tekene.