Stimme op in jongereprojekt

© Omrop Fryslân
Jongeren út Tytsjerksteradiel kinne by de gemeenteriedsferkiezings net allinne op in partij stimme, mar ek op in jongereprojekt. De gemeente hat har frege om dêr ideeën foar yn te stjoeren. In sjuery hat trije keazen út de 24 dy't ynstjoerd binne. It giet om de ynrjochting fan in romte foar jongeren yn Burgum, in aktiviteitefûns foar de Trynwâlden en in pannakooi en basketbalmooglikheid yn Tytsjerk.
It winnende projekt wurdt 5 maart bekend makke en krijt 10.000 euro.