Earekonsul foar Litouwen

14 feb 2010 - 11:07

De noardlike provinsjes krije in honorêr konsul yn Litouwen. Meikoarten wurdt by de fiering fan de Litouske ûnôfhinklikheids-dei yn Grins bekend makke wa't de taak op him nimt. In honorêr konsul ûnderhâldt, sûnder dêr foar betelle te wurden, kontakten mei in lân. Doel is dêrby ûnder oare opdrachten foar bedriuwen te krijen.

Fanwege de fiering fan de Litouske ûnôfhinklikheidsdei is der in Litousk keamerorkest yn it noarden. Dat jout woansdeitejûn in konsert yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)