Knegt net yn finale 1500 meter

Sjinkie Knegt yn aksje
Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is der yn Vancouver net yn slagge om de finale te heljen fan de 1500 meter. Hy en syn teammaat Niels Kerstholt waarden beide útskeakele yn de heale finales. Knegt einige yn syn rit as fyfde. Allinne de nûmers ien en twa pleatsten har foar de finale. De nûmers trije en fjouwer geane troch nei de B-finale.
Sjinkie Knegt komt letter op de Spelen noch yn aksje op de 500 en 1000 meter shorttrack.