Sensasjonele winst Flyers

De Flyers wiene sneon folle sterker as Tilburch
De Hajé Flyers ha sneon foar in grutte ferrassing soarge troch Tilburch mei 7-2 te ferslaan. Fia de perioadestannen 1-0, 2-1 en 4-1 pakten de iishockeyers fan it Hearrenfean trije djoere punten yn de striid om de boppeste fjouwer plakken, dat thúsfoardiel jout yn de play-offs.
Nei de winst op koprinner Nijmegen en no op de nûmer twa Tilburch steane de Flyers foarearst op it fjirde plak. Snein spylje de Flyers út tsjin Eindhoven.