SC Cambuur wint fan ONS Snits

Sportklup_Cambuur hat sneontemiddei de oefenwedstriid tsjin ONS Snits mei 6-0 wûn. Yn de earste helte joech ONS goed partij en by it skoft stie it noch mar 2-0, troch goals fan Mark de Vries en Paul Beekmans.
Yn de twadde helte wie der gjin hâlden mear oan foar de Snitsers en rûn Cambuur ienfâldich út. Kevin Diaz, Danny Guijt, Jeffrey de Visscher en Bob Schepers bepaalden de einstân op 6-0. Moandei spilet Cambuur, as it waar it talit, thús tsjin Fortuna Sittard.