Grûnstoffen foar drugs fûn

13 feb 2010 - 12:40
  • In XTC-laboratoarium (argyffoto)

Yn in hûs yn Ljouwert is freedtejûn in grutte partij grûnstoffen foar it meitsjen fan syntetyske drugs fûn. Yn in wente oan de Claes Bockes Balkstrjitte waard sa'n 800 liter fan ferskate gefaarlike floeistoffen yn beslach naam. Dêr waarden spesjalisten fan de brânwacht foar ynskeakele.

Der binne noch gjin oanhâldings dien. De saak kaam oan it ljocht nei dat tsjûgen sjoen hiene dat minsken mei materiaal oer de dyk rûnen werop stie 'sâltsoer'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)