Sven Kramer yn alfde rit

12 feb 2010 - 23:30

Sven Kramer komt sneon by de 5.000 meter op de Olympyske Spelen yn Vancouver yn de alfde rit yn aksje. Hy moat it opnimme tsjin de Amerikaan Shani Davis. Dat hat de lotting fan freed útwiisd. Kramer is de earste fan de topfavoriten dy't yn aksje komt.

Nei de rit fan Kramer ferskynt syn grutte rivaal Bob de Jong oan 'e start. Hy moat it opnimme tsjin de Súd-Koreaan Seung-Hoo Lee. De 5.000 meter begjint sneon om 21.00 oere (Nederlânske tiid).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)