Fiif jier anty-smookpoly

In fiifde diel fan de minsken dy't troch sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten fan it smoken ôfholpen wurdt hat nei in jier noch net wer in sigret oanrekke. Dat makke it sikehûs freed bekend by it fiifjierrich bestean fan de spesjale ophâlde mei smoke-poly.
Minsken dy't yn de poly behannele wurde binne trochferwiisd troch spesjalisten fan it sikehûs. It giet bygelyks om minsken mei hertklachten of longsyktes. Sy krije in behanneling dy't spesjaal op har rjochte is.