Polyklinyk De Lemmer iepene

12 feb 2010 - 20:44

Turner Epke Zonderland hat freedtemiddei de polyklinyk fan sikehûs De Tjongerschans op 'e Lemmer offisjeel iepene. Zonderland die dat tegearre mei wethâlder Jon Visser fan Lemsterlân. De polyklinyk wie al in pear wiken iepen foar behannelingen.

Njoggen spesjalisten fan it Hearrefeanster sikehûs De Tjongerschans hawwe sitting op 'e Lemmer. It giet ûnder oare om in kardiolooch, longarts, eacharts en gynekolooch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)