Site Weststellingwerf de bêste

Weststellingwerf hat op dit stuit de bêste gemeentlike webside fan Fryslân. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan it ministearje fan Binnenlânske Saken. By dat ûndersyk wurdt in webside op ferskate punten test. Ljouwert, yn 2009 noch de bêste fan Fryslân, is no op twadde en Smellingerlân tredde.
Weststellingwerf stiet as bêste Fryske gemeente lanlik op it 26e plak, ferline kear wie dat it 45ste plak.