It wetterskip mealt net mear

Wetterskip Fryslân is freed opholden mei it ôfstreamen en it meallen fan oerstallich wetter yn de polders en de Fryske boezem. It wetterskip wol sa de groei fan it iis befoarderje. It draaiboek froast is noch net yn wurking set. It wetterskip hat earst it wetter yn polders en de Fryske boezem op in sa leech mooglik peil brocht.
It Wetterskip hat oerlis mei de Friesche IJsbond om út te finen wat it effekt is op de iisoangroei.