Everse wiziget alvetal net

De Hearrenfean-bank by de wedstriid tsjin Utrecht (foto: Martin de Jong)
Jan Everse sil yn de wedstriid tsjin Ajax deselde basisspilers it fjild ynstjoere as ferline wike tsjin FC Utrecht.De ynterim-trainer sjocht gjin oanlieding syn alvetal te feroarjen nei de 2-0 winst op de ploech út de Domstêd.
Ajax stiet op it tredde plak en hat 26 punten mear as de Feansters. De lêste konfrontaasje yn it Abe Lenstra stadion einige yn in 5-2 oerwinning foar Hearrenfean.