Venhuizen wint Condensloop

31 mrt 2012 - 15:47

De Condensloop fan Ljouwert is sneontemiddei wûn troch Jan Venhuizen út Bovensmilde. Hy wie op de heale maraton de rapste yn in tiid fan 1.11.41. Venhuizen wûn yn de einsprint fan de Ljouwerter Franke Smidstra. Smidstra kaam úteinlik op de streek krekt wat te koart en einige mei 1.11.42 op it twadde plak. Tredde waard Riekele Kobes út Aldehaske.

By de froulju gong de winst, lykas ferwachte, nei de grutte favoryt Mariska Kramer út Drachten. Sy klokte in tiid fan 1.15.45.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)