Lankhorst slút fabryk Aldegea

12 feb 2010 - 12:16
  • Lânboufoly

Lankhorst Recycling Products slút har grûnstoffefabryk yn Aldegea. Yn dizze fabryk wurdt lânboufoly ferwurke ta grûnstoffen foar ûnder oare steigers, brêgen en bankjes. Omdat it fabryk hierd wurdt en de masines nei 20 jier gebrûk oan ferfanging ta wiene, hat it bedriuw besletten om de oanfier fan grûnstoffen út te besteegjen.

De njoggen meiwurkers yn Aldegea geane oer nei it fabryk fan Lankhorst yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)