Nij campus-plan op Skylge

De besteande campus fan de seefeartskoalle is te lyts...
Op Skylge moat in nije campus komme foar Maritiem Instituut Willem Barentsz. De NHL Stichting Studenten Huisvesting, Zeevaartschoolbelangen Terschelling en de gemeente Skylge ha dêr freed in oerienkomst foar tekene.
De partijen wolle mei-inoar de campus bouwe en beheare. De âlde campus foldocht net oan de easken. Der is mear kapasiteit en húsfesting nedich. De seefeartskoalle is wichtich foar Skylge. 10 prosint fan de Skylgers is oan it ynstitút ferbûn.