SC Cambuur opnij net yn aksje

De wedstriid Excelsior-SC_Cambuur dy't freedtejûn op it programma stie, giet net troch. Op it fjild yn Rotterdam is troch de froast fan de lêste dagen net te spyljen. Moandeitejûn gie de wedstriid fan Cambuur tsjin Fortuna Sittard ek al net troch.
Dy wedstriid is ferpleatst nei moandei 15 febrewaris, mar it is de fraach oft it fjild yn it Cambuurstadion dan wol goed genôch is. De wedstriid tsjin Excelsior wurdt op moandei 22 febrewaris ynhelle.