Reboelje op 'e Harkema

12 feb 2010 - 10:16
  • Harkema

Boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen freget de Harkiten om kalm te bliuwen. Yn it doarp is ûnrêst ûntstien oer ferkears- en lûdsoerlêst fan fan Sport- en ôfslanksintrum Julia. Tiisdei hawwe buertbewenners sels de sportskoalle blokkeard.

De boargemaster hat de partijen tongersdei op it gemeentehûs noege om oer de kwestje te praten. Der is besletten om ôf te wachtsjen wat de rjochter oer twa wike beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)