Plysjewarskôging: oplichters
De plysje warskôget foar oplichters dy't oan de doar ark, aggregaten en kettingseagen fan it merk Stihl ferkeapje. It guod is ferfalske of fan minne kwaliteit. De oplichters komme nei alle gedachten út Ingelân of Ierlân en ride faak yn in griene Range Rover of in Ford Transit.
Der binne meldingen kaam út Fryslân, Drinte en Oerisel. De plysje freget minsken fuortendaliks 112 te beljen as de manlju oan de doar komme en de kentekens fan 'e auto's op te skriuwen.